IV.3 DOEKLE FEDDES KERKSTRA, timmerman, boer te Sint Jânsgea 1740 Mildam - 29-11-1814 Sint Jânsgea x (1) Janke Reinders, Aldskoat 10-5-1761 stoarn 1784/85 yn Sint Jânsgea x (2) Geertje Foppes, Sint Jânsgea 19-2-1786 |
Út it earste houlik: 1. Gertjen (1762) 2. Reinder (1765), x Janke Hendriks, Sint Jânsgea 3. Hendrikje (1771-1825), x Pieter Pieters Postma, wenje yn Goaijingaryp, Terherne, Nijehaske, stoarn op 'e Gordyk
Yn 1811 nimt Doekle Feddes dus de achternamme Kerkstra oan. Yn 'e akte stiet dan dat der noch ien bern fan him libbet, Hendrikje, dy't dan yn 'e Knipe wennet.
Nei syn trouwen komt Doekle Feddes neist syn âlden te wenjen yn Mildam. Neffens it Spesykohier betellet er krekt as syn heit foar ien skoarstien en kin hy en de frou foar heal betelje. Yn 1767 stiet by syn namme skreaun: vertrocken na drenth.
Yn 1778 dûkt de famylje wer op yn Sint Jânsgea. Hy hat dan ek wat buorkerij, mar it giet him net alhiel foar de wyn. Yn 1778 hat hy ien ko en twa rierren, yn 1779 trije kij, yn 1780 fjouwer kij, trije rierren en in hynder, yn 1781 trije kij en in hynder. Mar yn 1782 hat hy hielendal gjin fee mear. Boppedat is hy alle neamde jierren ferhuze nei in oar wenstee. Yn it spesykohier fan 1785 stiet byskreaun: de vrouw overleden.
Geertje Foppes kaam fan Wolvegea fia Aldelemmer nei Sint Jânsgea.
IV.4 JANTJE FEDDES berne 1745 Mildam - stoarn foar 1781 x Teunis Klazes Blok, arbeider, Aldskoat 25-10-1778 1746 - 21-2-1778 Rottum |
Jantje Feddes is net lang nei har trouwen (yn de earste kream?) stoarn, want yn 1781 trout Teunis Klazes mei Antje Gerbens. Hy nimt yn 1811 de namme Blok oan en hat dan fiif bern, allegear út it twadde houlik.
IV.5 HENDRIK FEDDES KERKSTRA, arbeider te Nijskoat 3-7-1748 Mildam - 1-8-1822 Nijskoat x (1) Janke Pieters, Aldskoat 24-7-1772 14-5-1751 Nijskoat - stoarn foar 1779 df. Pieter Fokkes en Hylkje Wytzes x(2) Janke Jelles, Aldskoat 14-3-1779 d. 26-11-1747 Aldhoarne - 3-12-1818 Nijskoat df. Jelle Baekes en Corneliske Caspers |
Út it earste houlik: 1. Hylkje (1773) 2. Pieter (1775-1840), boer yn Nijskoat, x Janke Klazes Schotanus
Út it twadde houlik: 3. Corneliske (1780) 4. Hendrikje (1783-1855) x (1) Jan Andries Jongsma, arbeider yn Nijskoat x (2) Jacob Roelofs Bralts, arbeider yn Aldskoat 5. Jelle (1787-1854) boer yn Aldskoat, Hylkje Fokkes van Bartjes 6. Lolkje (1791-1879) x (1) Gauke Jans Frankema, arbeider yn Rottum x (2) Hendrik Willems Eeker, arbeider yn Nijskoat
Yn 'e akte der't Hendrik Feddes yn 1812 de achternamme Kerkstra oannimt wurde Hylkje en Corneliske net mear neamd, sy sille earder stoarn wêze.
In dochter fan Hendrikje en Jacob Bralts trout letter mei in Jonkman.